Youmir, soan fan in túnslang
(Youmir, Sohn eines Gartenschlauchs)

 

Auteur: Henk Wolf
Utjouwer: Venus (Frjentsjer)
Jier: 2006
Priis: 9,50 euro

ISBN: 978-90-5998-032-7


Yn 2006 hat 
útjouwerij Venus Henk Wolf syn novelle Youmir, soan fan in túnslang útbrocht. It is in gekjeierich boekje oer de preester-tsjin-wil-en-tank Youmir, dy't mei syn grutspraak de hele maatskippij yn ûnstjoer bringt.

2006 hat der Verlag Venus von Henk Wolf den Kurzroman Youmir, soan fan in túnslang ('Youmir, Sohn eines Gartenschlauchs') veröffentlicht. Er enthält die kurzweilige Geschichte des unfreiwilligen Geistlichen Youmir, der mit seiner Aufschneiderei die ganze Gesellschaft durcheinander bringt.

In fragmint:

Senuweftich tyske er oan it toutsje dêr’t er de broek mei ophold. Dat wie fan dy gefolgen dat er de knoop derút luts. It stik klean hold spontaan op mei syn neakenens te ferbergjen. Yn in tiid dat der noch gjin boksershorts en sels gjin lange ûnderbroeken bestienen, wie soks de beskamsume kant it neist. Cohn hie ek wol yn ’e rekken dat it gjin goeie yndruk makken at je in preester begroeten troch de broek sakje te litten. Hy krige in kaam. De preester like ek net entûsjast oer in fierder yn-de-kunde-kommen. Hy bleau stean en sei wat yn in taal dy’t Cohn net ferstie. Doe’t de hannelsreizger neat weromsei, draaide er him op en preuvele yn Cohn syn eigen taal: ‘sûplap’.
  ‘Ho ris,’ rôp Cohn, wylst er gau de broek wer ophyste. De oare draaide him ferheard om. Dy sûplap wie in lânsman. In drinkebroer dy’t helendal út Ie hjirhinne kaam wie. Krekt lykas hysels. Wol in aardich idee. Allinnich, dat er de broek foar him sakje litten hie, dat gong him te stoef. Hy sette de kape ôf en sei lilk: ‘Pak op, man. Do bist dronken. Sliep dyn rûs út.’
  Doe rûn er fierder sûnder efterom te sjen. As er dat wol dien hie, dan hied er sjen kin hoe grut oft de eagen fan de keapman wurden wienen foar’t er tsjin ’e grûn sloech.

Kostenlose Homepage von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!