Wûnderaardichheden (Wunderartigkeiten)

 

Titel: Wûnderaardichheden
Undertitel: Teltsjes en rimen
Auteur: Henk Wolf
Illustrator: Mudhoen
Utjouwer: Bornmeer (Ljouwert)
Jier: 2006
Priis: 15,00 euro
ISBN: 90 5615 122 3


Wûnderaardichheden is in bondeling fan fertellingen en ferskes dy't skreaun binne mei in soad leafde foar moaie taal, âlde ferhalen, bysûndere minsken en goeie bearenburch.

Wûnderaardichheden ("Wunderartigkeiten") ist eine Sammlung von Erzählungen und Dööntjes, die mit viel Liebe für schöne Sprache, alte Geschichten, besondere Menschen und guten Beerenburg geschrieben wurde.

Hjirûnder in stikmannich fragminten út de neikommende ferhalen:


*
De rôze oaljefant
*
Sicko
*
De ko fan 'e Burgerheide
*
Teade is eefkes faai
*
De omkes

* Klik hier voor fragmenten in Nederlandse vertaling.
*
Heer ma e müs krööge for en fragmänt aw nordfrasch.
* Klik h
jirre foar it ferhaal "It guoske Gans Anders" yn it Skiermûntseager Frysk (oersetting: David Kooistra).

  

De rôze oaljefant

Mei in grou stik lead op 'e holle knoffele Wiggele yn 'e berm lâns. Krastes, wat wie it jûn need gongen. Hawar, it wie mar ien kear yn 'e wike ... eh, freedtejûn, wie 't n't sa? Kimberley soe him wol wer it mannewaar opsizze. Frekt frommes. Wat hied er har ek oanhelle. Oars net as argewaasje hied er derfan. No mar hoopje dat se slepte, dan hied er yn alle gefal in pear oeren útstel fan eksekúsje.

BOEM! De brêge beweegde ûnder Wiggele syn fuotten, krekt as ried der fuortby in grutte frachtwein oerhinne. Wiggele seach ferwûndere yn it rûn. En skuorde grutte eagen op: noch gjin trije stappen fan him ôf stie in rôze oaljefant.

Wiggele skodholle. Hy drukte de eagen ticht, mar doe't er se wer iependie, stie de oaljefant der noch. Hy hold de kop skean en syn lytse swarte eachjes seagen Wiggele freonlik oan.
Om nei te gean oft er miskien dreamde, biet Wiggele hurd yn de mûs fan syn hân. Au! Sear die it wol, mar de oaljefant waard net wei. Foarsichtich stuts Wiggele in hân út. Mei de fingerseinen beruorre er de slurf. Dy fielde waarm en rûch oan, as de klaai by heit-en-dy efter by sinneskynwaar. Soe dat bist dan echt wêze? Miskien wie der earne sirkus en wied er ûntsnapt. Allinnich, hy wie wol rôze.

Sicko


Kinie en Sicko Grootboer binne byinoar wei. Dat komt sjesa. Kinie en Sicko binne net allinne kristenen, mar ek Grinzers. En se hienen yn har goed fjirtichjierrich eintsje libben nea mear fan 'e wrâld sjoen as Grinslân en direkte omkriten. Kinie wie al heel betiid ta de konklúzje kaam dat dy direkte omkriten neat hienen dat it de muoite wurdich makke om út Grinslân wei. Yn East-Fryslân praten se ek in soarte fan Grinzers, of oars Dútsk, lykas de toeristen, dat wat hoegden se nei Dútslân ta? Drinte wie ek net bjustere spannend. En oer de Lauwers wennen Friezen en dy doogden net, dat hie har mem har doe't se noch in lyts 'wichie' wie foargoed dúdlik makke. Dat, at it heal koe, kaam se net yn Fryslân, en at se der ris wêze moast, dan altyd sa koart mooglik. Mei Sicko wie it al net folle oars.


De ko fan 'e Burgerheide


Mei't dûmny it foarbyld fan de stjer fan Betlehem oanhelle, seach Gjalt de foargonger ynienen nei de siken gapjen. Bûltsjes ûntsnapten út syn mûle. Mei benaude pûdeagen stoarre er Gjalt oan, wylst syn skôging fan bleekwyt yn in aaklik blau ferwannele. Gjalt hearde de wurden fan de preek noch wol, mar nuver genôch kaam de tonge dûmny aloan fierder út 'e mûle te hingjen en like er net langer bysteat om gewoan te praten. Gjalt siet ferbjustere te sjen, ûnmachtich om lûd út te jaan. Hy kaam heal oerein en op it seldichste stuit stie dûmny wer sa libben as in hert op 'e kânsel. Hy luts freegjend oan 'e wynbrauwen om't Gjalt him oereinjûn hie, dat dy gong gau wer sitten.


Teade is eefkes faai

It wie Uwe Hansen tige yn 'e wei dat mar sa'n bytsje minsken yn Höögel doopt wienen. As nije dûmny socht er se allegear thús op. Sa kaam er ek by Arnold en Annemaleenke. Se wienen de tredde húshâlding dy't er dy jûns opsocht, dat it nochterste part fan 'e dei hied er al lang efter him.

“Goeie!” rôp er, doe't er de keukensdoar iepensmiet en deryn stapte.

“Ek goeie, dûmny Hansen!” grânzge Arnold, dy't mei de faam op 'e skurte siet. Wat kin ik foar dûmny dwaan?

“Kwoldymbendobe!”

“Hin? Wat?”

“Kwol dyn bern dope, do sûch!”

“Moat dat no echt jûn, no't de frou in kear fuort is?” protestearre Arnold.

“Helje dat bern, grutte kloat, of do kinst in wan op 'e bealch krije!” boldere de oare, en hy ûnderhelle syn Kömflesse.
Suchtsjend luts Arnold de hannen ûnder de rokken fan de faam wei en sei tsjin har: “Helje do Teade eefkes út it bûthús.”

Dûmny Hansen glimke tefreden. Doe krôke er, foel foaroer plat op 'e tafel en begûn te snoarkjen. De oare deis waard dûmny Hansen wekker yn it strie, tusken de skiep. Lofts njonken him lei syn flesse en dy rûkte nei drank. Rjochts fan him leinen Arnold, Teade en de faam, en dy rûkten ek nei drank.


De omkes

De pontsjebaas grommele wat yn it Gryksk en beweegde de hân ûngeduldich foar Wingo hin-en-wer.

"Miskien wurdt er wat tasjitsker nei in slokje," sei Henk. Hy hie krekt murken dat syn heupfleske noch hast fol siet mei bearenburch, en lange dat oan 'e pontsjebaas oer. Dy seach wakker ferwûndere. Foarsichtich hold er it fleske ûnder de noas en rûkte. Doe begûn er te glimkjen. Hy sette it fleske oan 'e lippen, sloech de holle yn 'e nekke en liet it Boalserter goud yn 'e kiel streame. Doe krôke er en foel er plat op 'e rêch op 'e grûn. In rige snoarklûden makke dúdlik dat er it drinken wat ûntwend wie.

"Dy helpt ús ek net fierder," sei Henk mei in sneu gesicht. "No ja, dan moatte wy ússels mar rêde. Sille wy nei de oare kant ta roeie?"

Wingo en Leefke knikten. Trijeresom hysten se de snoarkjende pontsjebaas oan board. Henk krige de kloet en treau de boat ôf.

"Dy pontsjebaas liket wol wat op ús omke Bertus," sei Wingo. "Itselde burdsje en deselde ôfmêde skôging."

 

Kostenlose Homepage von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!