De lytje goos Gans Anders
Vertaling: David Kooistra
It lúek nooi krysttiid en Emsteskar liech eeuwnder in twa tomen tjokken laach snie feberge. By de gotte poppestien¹ stúegen twa tjostere beschikken gair ieuwr in speur fan fúetprinten.
'Hy is hier by troch komd, Kobus!' sei de gotste, in rúggen beer mooi klauwen as klope.
'Ja, hy is hier wrachtich dal komd, Willem!' siste de eeuwre, dat in slangachtigen heer wie, grymich.
'Hy is dy kaunt út gien,' graude Willem.
'Ja, hy is wrachtich dy kaunt út sat' sei Kobus.
Willem môke de brosse twisken blait, slingere in grimmeligen raunsel ieuwr de iene scheeuwder en Kobus ieuwr de eeuwre, en trede ieuwr de behindige fúetlasken fieder troch de speursnie.
Wyl't it bútten wat tò snústerjen begoon mooi sterrelflokken, prottele by Lokje de tee op it fjúerdúveltjen². Lokje mocht net ieuwr de winter en alheel net ieuwr krysttiid. Jò heeuwd de húern fan 'e tillefoon las yn 'e haun en stareige eeuwngelokkich ieuwr it wiide wiete wyt after de gleizen.
'Noflike krystdagen, Lokje,' afterhôle it húernlieuwd yn har haun.
Lokje swede. Krysttiid wúe se niks mooi fan dwaan hawwe, en dat hie se tach al faak’enooch dúdlik en klair seid.
'Dan net,' suchtte de húern. Der klikte wat en dà tútere de húern it gesprek oof.
Lokje drukte de húern op 'e tillefoon en liech it kin op 'e haunemúze. Jò dykere jocht feur har út, maar de lytje rôze stip yn it weidske snielaun seich se troch har trinnen net.
'Gúedy-gúedy gúje! Ik sei gúje! Ne gúje!'
Lokje jepte út har stúel omheich, de fingers útineeuwr fan ‘e kalte. Oon de eeuwre kaunt fan it finster daunse in rôzen goos mooi in got bril op 'e snavel, in húedjen op en in gongelstook yn ien fan 'e bjokkens.
'Latste my der yn? Ne, latste my der yn? Liet my der dan yn!' gaggele de goos.
Hy drooide yn it reeuwn, hipte op ien fúet trooi stappen feurút en belaunge dà op ‘e snavel yn ‘e snie. Lyke fluch stúech er lykewal wier op ‘e beide fotten en waggelbaggele syn harlepyp fieder. Lokje begoon tò gniizen. Wyl’t se fan tinken free har trinnen ooffôge, stapte se op ‘e búttendaar tò en de snie yn.
‘Heste hier aik in paasen goos sien, juffer?‘ grommele in stjonkenden stim bope har.
‘Ja, wrachtich, heste hier in donkerpaasen goos sien, juffer?’ siste in slangestim eeuwnder har.
Lokje har aud strot hie even heeuwden en keas oon in petyterigen snok dy’t der yn af der út wúe. Jò huste en de trinnen dà’t se oofpoetst hie, komen wier wierom dà't de gotte beer mooi de stjonkstim har in klau op ‘e fyne scheeuwder liech.
'N... nee,' stammere Lokje, maar dat antwes behaagde de beide eeuwnnochten net bjoster, as Lokje op har eeuwntòfreden wezen oofgain mocht.
'Af ja, tach wal,' sei se. Har koom de fnit wierom dà't se de feweeuwndere eigen fan 'e gotte beer beseich en hôle rankyl dy syn hierige poot fan har kleedjen.
'Hy is der tò it bosk yn draafd,' sei se. 'Amper tjien minuten lind.
As jim’ fluch binne, kinne jim’him meschyn nach ynhelje.'
De eeuwren satten har en fesweeuwnen twisken de rúchte dy’t Lokje oonwiisd hie. Even latter heasde de faam twa yslike beren en in plons. Jà wiene it kreusmeer yn flein.
‘Tanky, o tanky. Tankywal, wat in lol. Hoi hoi, ik bin lytje goos Gans Anders!’ snatere it fleurich en út de dakgeut wooi plofte in pak kleurige feere feur Lokje har fúeten dal. De lytje goos Gans Anders slingere as in dronkeman ieuwr de stinnen, schode de kap dà heftich en dà’t ôle breen wier tò plak siet, kwake it: ‘Ne gúje, a gúje. Ik sei gúje. Hee, heste aik in tak bee, ik bedúel in bak tee, in bak tee feur mee?’
Lakjend sei Lokje dat se Lokje wie en se neudde de dalfalene jaunfesyte der yn.
De lytje goos Gans Anders wes stadichoon paas-raider mooi’t hy mair boskbeitee opslurpe.
‘Lekkere tee, ei wat in lekkeren tee. Tanky, o tankywal, heer, juffer Lokje, búttengeweun, wúe’k maar seze, lekkere tee.’
‘Watte nach reis in daunsjen dwaan?’ friege Lokje, jò’t fan betinken wie dat har besieker wal wat wierom dwaan mocht feur de tee en it livvenredden. Graach pestjúere de lytje goos him ieuwr de komer, húedjen en stook klair, en môke syn sprong.
‘Omliech!’ raasde Lokje aunstich. After de lytje goos hie se de gestalten fan Kobus en Willem sien, dà’t nach grymiger as aist op har behúzing tò stapten. Willem wiisde mooi in grauwen, hierigen klaufinger nooi it rút, as teken dat er de lytje goos sien hie.
‘Hy het dy sien! Dy gotte beer het dy sien!’ flústere Lokje. Jò rieuwdboske ieuwr har hele leie.
‘Ei ei, minder meu, minder meu. Hier maar wooi, hier maar wooi. Kom mooi my, Lokje. Kom. Kom!’ De lytje goos skusde mooi de snavel oon Lokje har kleedjen. Hy schopte de schúnsdaar epen en draafde de snie yn. Mooi de eigen op ’e kim stroffele Lokje him nooi, eeuwrs niks om ’e leie as har kleedjen en de raide sloffen dà’t se yn hús oon haun hie.
Lange boskieuwren fieder sôken Lokje en de lytje goos op it mos dal. Lokje seich haist gelyke blau as de lytje goos Gans Anders, maar by har koom it net fan ’e boskbeitee.
‘Ei famke, dom dom, wat dom fan my, sò dom,’ snatere de lytje goos. ‘Do heste jommers gin feere, lykas ik, gin inkelden feer, nee nach net ien lytj donsfeer hestò. Ei wat satte kaud wazze, ei ei, wat dom fan my, wat bin ik in dommen goos, sò’n dom úle fan in fieuwl. Ei ei, dat ik dyn jas ne net mooinomd hà. O, hie ik ne dyn jas maar mooinomd!’ De lytje goos slúech de bjokkens dramatys tjin ’e kop, dat de eigen him der haist út púlen, trieuwzele afterieuwr op it kaude mos en stiike dà feheuge de kop wier omheich.
‘Sjai reis wat ik hier hew’, snatere hy mooi in fegenúegen laak om ’e snavel. Hy júech Lokje in lytj deus lúsjefes ieuwr.
It feweeuwndere Lokje hò’n wairmte aft de lúsjefes oofjúegen. Mooi de haune gair wairme se har by de flammen, dà’t soms wal twahúnderd tellen gleuden eer’t se stil wezzen en in schromfeligen swetsen prikke afterlieten, dy’t har fol yn ‘e fingers biet. It môke net út. Lokje hie har de hele jaune nach net sò noflik feeld. It mos koom om har hanne omheich en slúet har yn. It wie heerlike wairm. Ôles om har hanne wie grien. En wairm. En wiet.
‘Harrebarre,’ grommele in aud minsk jò’t op Kobus liike. Falsk slissend liech se it môs dal.
‘Man!’ Wy hè in ben!’ rúep se.
‘Alwier ien?’ stank in bromstim after Lokje. ‘Speel maar troch it húsjen!’
‘Maar it is in famdeben!’ sippe it minsk.
‘O, ne dan haudste har maar,’ stank de stim fieder.
‘Kwil net!’ prevele Lokje lilk. ‘Kwil net. Kwil net!’
It minsk seich lilk en fiske Lokje út it grien wooi. Lokje seich dat se yn in gotten múesstrúk satten hie. De griene múesbledden besachten Lokje wierom tò lúkken, maar it minsk wie starker. Wat wie dat minsk eeuwngeweun grau. En wat oofgryslik eeuwnsjúech.
‘Kwil net!’ rúep Lokje opnee.
‘Jò wil net,’ siplippe it minsk fieder.
‘Doch har maar troch it slaad!’ stjonkbeasde de stjonkbeer.
It minsk snokte even en satte Lokje dà trankyl de punte fan it môs op it lyf.
‘Nee!’ graude Lokje. ‘Kwil net! Heaste my net? Ik wil net!’
It limmet begoon yn har termen troch tò dringen. Kaud wie it, ys-en-yskaud.Troch-ende-wier-troch-kaud. Sò kaud. It liike Lokje haist tò felammen. Maar dat wie maar even.
‘Ik wil net, sei ik!’ raasde se. Jò schusde it môs út har lyf wooi en deeuwde it mooi ôle kracht fan har.
‘Dat scheelde net fole,’ sei de freeuwnlike man. Hy striek Lokje ieuwr de peut. Lokje liech eeuwnder in staipel takkens, mooi in wairm krúk jaune har en in glimkjenden lytjen goos Gans Anders as in lytjen kachel op har kaud lyf.
‘Jò redt it! O ja, jò redt it! Jò schust der troch, o ja, ei wat meu, Lokje schust der troch!’ júbbele de lytje goos. En de man sei niks, maar syn eigen júbbelen krekt lyke hes mooi.
Der gúech in nacht fol tongerslaggen feurby. Bimmen krôken en takken brieken fan stammen yn it tjostere bosk. De freeuwnlike man hie de hele nacht jaune Lokje op ’e stúel satten en wie inkeld ne en dan ieuwrieuwn komd om wat tò drinken af om nooi it húsjen tò gain. De lytje goos snorke saft op Lokje en Lokje rôke him in pair keer oon omdat se har dan paas af rôze af oranje feelde en dat wiene gúeje kleuren om tò felen. Dà koom de dage en wes ôlles wierliken paas en dà rôze en dà oranje, selfs de freeuwnlike man, dy’t ne aik tafeltriljend liech tò snorkjen.
Lokje koom fan it bed en fottele nooi de spyn. Jò satte trooi pône op ’e tafel, in bole, de bútterfleut en yn plak fan de poot gozeleverpastei in tampe tjiis. De pône rinkinkelen de snorkets stadich út ’e slúm wooi en dà’t Lokje tee sat hie, scheeuwde de freeuwnlike man in stúel by en flapte de lytje goos him op ’e tafel dal.
‘Heste gúed sliepen?’ gôpe de freeuwnlike man after de rech fan syn haun.
‘Healik,’ sei Lokje, al wie dat net helendal wier, want de lytje goos hie har swier op ’e mage lein en eeuwnder 'e tin matras wie in lytjen bilte tò felen wein, krekt eeuwnder har jochter scheeuwderbled. In lytje heeuwtbaan³ fan de freeuwnlike man syn miel fan jister, maar dat wist Lokje net.
‘Wat in gelok dat Pyve dy feeuwn het, Lokje!’ snatere de lytje goos. ‘Sò’n gelok, ei wat in gelok dat Pyve sò jep yn it bosk wene!’
‘Sitte wy hier sò jep yn it bosk?’ friege Lokje.
‘Myle fan ’e nooiste bun,’ knikte de freeuwnlike Pyve. ‘Hò koomste sò fier fan hús?’
Lokje fehôle har hele ferhaal feur him. Pyve praktesere even en glimke. ‘Jim' hè gelok haun, sò’t de lytje goos al sei. Ik kin dà grymige heerschapen wal. Gin bast folk.’
‘En werom weneste hier sò jep yn it bosk, Pyve?’ friege Lokje.
‘Ach faam,’ sei Pyve. ‘Ik hie gin livven mair eeuwnder de minsken. As lytje jonge wene ik yn it laun fan keizer Ignarikus de dôtichste. Keizer Ignarikus wie in ydele, nee, in pronksieke darket4 fan in keizer. Dei oon dei, altyd en altyd maar wier, latte er scheepsladingen fan de durabelste klaine en sieraden ieuwral wooi nooi syn paleis komme, dat de klainkasten omtrint bastten. Ús audeume Iokulator wie dà snyder en hy mocht wal ieuwr in grap. Dat, op in dei slingere er de raunsel ieuwr 'e scheeuwder, jepte op syn ezel, kekogele nooi it paleis en latte him by keizer Ignarikus oontjinje. ‘A gúje, majesteit,’ seid er. ‘Ik hè ne wal sokke prachtige staf kaft, der mótte Je eigentlik in mauntel fan hà.’ De keizer syn eigen wezzen al gotter en hy sleke him om ’e lippen.‘Maar,’ sei myn audeume Iokulator. ‘It is in heel besonderen staf. Feur Jò en feur my en ôle eeuwre toeke minsken is er sò prachtich as wat. Maar de dommen eeuwnder ús sjaie him maar faach. En de alderdomsten sjaie helendal niks.’ Dà hôle myn audeume Iokulator syn raunsel fan ’e rech en groffele deryn. ‘Dit is se!’ seid er. ‘Meu, hei!’ En de keizer, dy’t lykemin wat seich as myn audeume, maar dat net seze dast, beasde alderyslikst dà’t myn eume him wiisde op de grienen5 en it parlemúer en de blauwe lyne dà’t der net wiene.’
‘Ne,’ fefôtte de freeuwnlike Pyve. ‘Myn audeume Iokulator môke feur keizer Ignarikus kwyskwais in schittejenden mauntel feur op syn jierdei. Keizereume lat eeuwnderwyl ieuwral omseze dat er sò’n besonderen mauntel hie, dy’t feur toeke minsken wal, maar feur de gotste seuge net tò sjain wie. En dà’t er op syn jierdei múedenaiken op it balkon stapte, wie elk fol bewondering en beasde ôleman fan de grienen en it parlemúer en de blauwe lyne dà’t der net wiene. Deze lytje búkeman útsondere.’ En Pyve prieme mooi de jochter wiisfinger op syn bost.
‘Maar de keizer is jommers naiken’ rúep ik bope ôles út. En dà kriech de hele klofte in kleur fan schomte, de keizer net útslatten, en begrypten se dat myn audeume Iokulator har ôlegerre tò fyter hie. Maar se nomen it my freewat kwaid oof dat ik dat oon it jiet bracht hie en de maisten wúene niks mair mooi my tò krejen hawwe, dat dà hew ik myn laun felatten en my hier in lytje hús beeuwd. Ik livje fan wat de memmejairen my kraimje en wat de bimmen brúkke om fieuwlen tò lokjen, en bytiiden rulje ik my wat gúed oon by de boskwachter en syn freeuw of by in jager.’
‘Der wene dy fraimdschyter!’ sei Willem en hy wiisde mooi de scharpe neilen nooi it lytje bryke hús eeuwnder de bimmen.
‘Ja, der wene wrachtich dy fraimdschyter!’ siste Kobus, dy’t Willem om ’e nôke hange.
‘Liet ús der reis hannegain en sjain aft dy dy goos aik sien het!’
‘Ja, liet ús wrachtich reis friegje aft dy dy goos aik sien het!’
De daad by it wes en de twa grymige gestalten roonden op ’e weent tò.
‘Hier komt neut ien oon ’e daar,’ sei Pyve. In lieuwd donzjen op ’e feurdaar eeuwnderbriek syn wezzen.
‘Wat de dúvel!’ lústere de beweuner mooi strakke lippen. ‘Fesyte? Ne?’
‘Niks fesyte!’ pype de lytje goos Gans Anders mooi ‘e bril scheun op ’e snavel. ‘O nee, niks gin fesyte, heden nee. Dat binne Willem en Kobus, hò kin it aik eeuwrs, ei ei wat motte wy ne?’
Pyve liike eeuwrs net eeuwnder de yndruk. Hy raamde in akst fan ’e weich, fiesde de daar sò hes epen dat Willem en Kobus op ’e rech yn ’e snie kalen en eeuwnderhôle it hakkersark.
‘Oonpakje, repalje!’ balke Pyve en de grymige besiekers draafden hes it baimige bleddetjoster wier yn.
Ne seich Pyve grymich en Lokje begoon wier tò triljen en sôke mooi in bleken kap op it bed dal.
‘O nee, sò net, o nee, o nee!’ snatere de lytje goos, dy’t oranjeroon kleure. ‘It is daunstiid, jawal!’ Hy begoon de wiize tò fleutjen.
‘Hui, dat fes kin ik!’ sei Pyve dy’t syn grammyt oofschode.
Lokje seich in púenkast6 stain.
‘Kiste der op spylje, Pyve?’ friege se.
‘Net sò bast,’ júech Pyve tò. ‘Do?’
Lokje knikte lakjend, stimde it ynstremint en snôre it fieuwlfleutjen mooi, wyl’t Pyve sang.
‘Wer heste it púenen leas?’ friege Pyve nooie’tiid. ‘Sòfole jonge púenkastspylers binne der net.’
Lokje seich sneu. ‘De púenkast wie myn jeugd,’ sei se súetjes. Jò slokte saft. Seich stil en sonder azemjen feur har út. Pyve liech har in haun op ‘e scheeuwder. Dy wie eeuwrs wairm as de bereklau fan Willem wein hie. Lokje glimke.
‘Ik kom út Marmergat,’ sei se. ‘En de Marmergatsters binne prikkers. Jà dogge niks jeeuwer as ineeuwr mooi knyften yn it lyf prikke. Gin Marmergatster af hy het in hieuwd fol gatten fan ’e prikkeree.
Marmergatsters lykje as se folweensen binne wal gatjepône. Ik kin dy net seze hò’t ik der as ben it mier oon hie.’
Jò tacht oon de múesstrúk en it smarge minsk mooi har môs. Wier feelde se de lilkens opkomme dy’t de tjald út har lyf deeuwd hie. Jò haatte prikkeree mooi môzen. Jò haatte it ieuwr ôlles en bope ôlles.
Pyve stiike de piip oon en wachte.
‘Marmergatsters prikke ineeuwr en se beuke op ineeuwr yn en krokje ineeuwr yn ’e snútte. En se binne swets en grau. Ik wúe net prikke en ik haatte beuken en ik walge fan snútkrokjen. En ik bin fyn en jiet. Ik wie maar in nuveren Marmergatster. Ik wúe snôren púene. En ferhalen fetôle, maar der wie net ien dy’t der nooi harkje wúe. Dat, ik púende de snôren, dei yn dei út, en de eeuwre Marmergatster pylen laken my út. En dà schopten se my Marmergat út, om’t ik sein hie dat prikken mooi môzen dom dwaan is. Dat wie kots nooi krysttiid.’
Lokje snokte.
‘Ach ben,’ sei Pyve. Hy snokte aik en kniep Lokje wat faster yn ‘e scheeuwder.
‘Maar dà koom ik yn Launsted,’ sei Lokje en se lake wier wat. ‘En der púenden se ôllegerre. En se fetôlden ineeuwr de meuste ferhalen. Wal yn it Launstedsk en dat kúe ik dà nach net, maar dat hew ik gau leas. Fan it Marmergatstersk most ik dà niks mair hà. Ik púende de snôren en ik fetôlde ferhalen en harke nooi it púenen en de ferhalen fan de pylen yn Launsted en ik wie sò gelokkich.’
Pyve seich Lokje oon en tacht dat jò der ne net gelokkich útseich.
‘Maar krysttiid hew ik neut tò winnen kúed,’ sei Lokje. ‘Krysttiid wie altyd it gotte prikfeest fan it jier yn Marmergat en dan wes der prikt en mé dranken en as elk dan in flinken sneed yn it air hie, dan komen se by ús heit en mem oon ’e daar en dan rúepen se dat Lokje mooi most tò prikken, eeuwrs dan súene se har prikke. En dan krúep ik eeuwnder de bank tat se wier fut wiene en dat deursde soms sò lang. En ne haat ik krysttiid.’
‘Boehoe, o boehoe, ei wat in drúevich ferhaal, ei wat in alderdrúevichste geschiednis,’ snotere de lytje goos Gans Anders mooi lange útgieuwlen. De freeuwnlike Pyve en de oondiene Lokje begonen tò lakjen en strieken de lytje goos tògelyk ynmúedich ieuwr de kap. De bril fúel him fan ’e snavel en hy schode de kap ne’t hy ynienen niks mair seich. Fan schrik wes de lytje goos graugrien.
‘Heste it heas? Drúevich ferhaal, ne?’ spytgniisde Willem. De twa kwaibeesten satten op ’e húkker eeuwnder it rút.
‘Ja, ik hew it wrachtich heas. In drúevich ferhaal, ja, wrachtich,’ nakkere
Kobus.
‘Sst!’ siste Willem. ‘Ne hè se it ieuwr ús!’
‘Ja, wrachtich, se hè it ieuwr ús!’
‘Ei dà grammytige brúers, dà twa grammytige brúers,’ snatere de lytje goos. ‘Dà metje my it livven sò sieuwr. O wat metje se my it livven sieuwr. Jà wille it jeeuwste gozesap fan my katje, ei ei, wat in gryse, wat in lejen!’
‘Hò sò dan?’ friegen de freeuwnlike Pyve en Lokje.
‘Jà fekaipje ooien, in eeuwr syn ooien, ooien dà’t in eeuwr lein het, want salm kinne se gin ooien leze, dà grammytige brúers. En ik kin geeuwdene ooien leze. O ja, dat kin ik, jà wyte dat. En ne wille se my útineeuwr raigje, o se wille my repelje en teppe en plokje, en epenrippe,mooi in môs prikke en myn ooien der út schurre ...’
‘Wat?’ raasde Lokje ieuwral. ‘Dy prikke? Mooi in môs?’ It wes har grien en oranje feur de eigen, wyl’t it hús brún wie, Pyve wyt en de lytje goos ne blau.
Dà seich se de brede rech fan Willem bope it finsterbank út komme.
‘Gúed, dan sil ik feur ien keer sjain liete dat ik in Marmergatster pyl bin!’ kriet Lokje. Jò kriige it môs fan ’e tafel, fytere op ’e daar tò en even latter seigen de feralterere Pyve en de febauwerere gryswyte lytje goos Gans Anders jò behindig faam razend en balkjend en môzeswooiend after de twa gozeslachters oon drave, wyl’t it blúed har de hieuwd út galpe.
Willem en Kobus fluchtten it bosk út en aft jà it livven heeuwden hawwe, is neut bunkundich wezzen.Yn Emsteskar het net ien har eut wier sien. Lokje hie lykewal in gotte glimk om ’e múlle dà’t jò by Pyve’ hut wierom koom.
‘Ik sil dyn môs even feur dy schienspele,’ sei se oon Pyve. Dy lake.
De loft omtgryme al rillegau en de snie teide hes fut. Ieuwr it griene gôs fan Emsteskar hipte in fleurich faam, mooi jaune har in lytjen goos en in freeuwnliken fooint. Jà fleuten, sangen en púenden, dat it wie in lost. In singelier trooispan wie it, maar jà wiene eeuwnderwoois nooi Lokje har hús by Launsted en der mochten se singeliere schepsels wal leje. Lokje hie har krystwalg ieuwrwind, Pyve kúe mooi syn eerlikens yn Launsted gin fekeas dwaan en ôle stedjers wiene gek op de komyke lytje goos Gans Anders mooi syn bryk bril op ’e snavel. Dat, jà hiene it tò nooi bast, môken mesyk en fetôlden ferhalen sò fole at jà kúene en leven ôle trooi nach lang en gelokkich.
1 Stien wer’t de ben eeuwnder wooi komme súene wanneer’t der in mem feur har útsacht wie (neffens it aude heidendom)
2 audmeudske lytje reeuwne kachel
3 Frieske baneseurt, Nederl.: woudboontje
4 Man dy’t graach mooi syn klaine pronkje mei
5 gewichtmiet feur parels
6 snôrynstremint