De fizioenen fan Mary (Vision)
Auteur: Dean Koontz
Oersetter: Henk Wolf
Utjouwer: Stichting ELF (Ljouwert)
Jier fan útjefte: 2005
Priis: 9,95 euro
ISBN 9056 - 15110 - X
Oarspronklike titel: The Vision
Oarspronklike útjouwer: Putnam (New York)
Jier fan útjefte: 1977Oare oersettingen fan itselde boek:
Andere Übersetzungen dieses Buches:
* Dansk: Syner (1991), Cicero (København).
* Deutsch: Die Hellseherin (1986), Vision (1996), Wilhelm Heyne Verlag (München).
* Español: La visión (1991), Martinez Roca (Madrid).
* Français: Miroirs de sang (1982), Pocket (Paris).
* Italiano: Visioni di morte (1990), Sperling & Kupfer (Milano).
* Nederlands: Het visioen (1994), Luiting-Sijthoff (Amsterdam).
Twa fragminten / zwei Fragmente
"Moffen fan bloed."
De frou siet mei de hannen omheech en stoarre dernei, stoarre der suver trochhinne.
Har lûd wie sêft mar strak. "Hy hat bloed op 'e hannen." Har eigen hannen wienen skjin en wyt.
Har man, dy't efter yn 'e plysjewein siet, bûgde him foaroer. "Mary?"
Se joech gjin antwurd.
"Mary, kinst my hearre?"
"Ja."
"Wa syn bloed sjochste?"
"Ik wit n't."
"It bloed fan it slachtoffer?"
"Nee. Nee, it is syn eigen bloed."
"Fan 'e moardner?"
"Ja."
"Hy hat syn eigen bloed op 'e hannen?"
"Ja, dat," sei se.
"Hat er himsels ferwûne?"
"Ja, mar net sa slim."
"Hoe?"
"Wit ik net."
"Besykje om yn syn geast troch te kringen."
"Dêr bin ik al."
"Djipper."
"Ik kin gjin gedachten lêze."
"Dat wit ik wol, mar miskien krijst wat troch."
It swit op Mary Bergen har gesicht like hast de laklaach op it gipsene antlit fan in hilligebyld. Har wiet gesicht glânzge yn it griene ljocht fan it knopboerd. Har donkere eagen glânzgen mei, mar se stoarren yn it neat.
Ynienen gong se foaroer sitten. Se rydboske.
Yn 'e bestjoerdersstoel skode haadplysje Harley Barnes wat ûngemaklik hin-en-wer. Hy kniep de grutte hannen om it stjoer.
"Hy sobbet oan 'e wûne," sei se. "Hy sûcht syn eigen bloed op."
Nei tritich jier plysjewurk hie Barnes tocht dat er alles wol sawat sjoen hie. Mar no hied er him op ien jûn al in kear as wat besaud en it hert hie him jage fan kjellens.
De beammige leanen wienen him like fertroud as de omkanten fan syn eigen gesicht. Doch kamen se him by it ûnlijige waar fan jûn bedriigjend oan. De bannen sisteren op it wiete asfalt. De rútwiskers tikken súntsjes - in aaklike metronoom.
[...]
"Soargje dat ik net bewusteleas reitsje ..."
Se begûn yninoar te sakjen en hy krige har by de skouders.
Se seach nochris hoe't it knyft de hûd iepen ripte, mar diskear fielde se gjin pine. De frou yn it fizioen wie dea, dat der wie gjin pine mear om te dielen.
"Moat syn gesicht sjen. Moat witte hoe't er hyt," sei se.
De moardner komt oerein fan it lyk. Hy hat in keep om, nee, in jas, in lange jas ...
"Mei it fizioen net kwyt reitsje. Moat it fêsthâlde, moat derachter komme wêr't er is, wa't er is, wat er is. Moat him tsjinhâlde ..."
Dêr stiet de moardner, it knyft yn 'e hân, yn it skaad, it gesicht yn it skaad, hy draait him om, stadich, dat se syn gesicht sjen kin, as socht er om har ...
"Hy wit dat ik der bin," sei se.
"Wa?"
"Hy wit dat ik nei him sjoch."
It woe net yn har del dat sok ding mooglik wie. Doch wist de moardner dat sy der wie. Dat wist se foarfêst en it makke har bang.
Hommels sprongen der in pear glêzen hûnen op fan it rim, saaiden troch de loft en soalden deun by Mary tsjin 'e muorre oan.
Se joech in gjalp.
Cauvel draaide him om om te sjen wa't se fuortsmiten hie. "Wat deale ..?"
Net liker as wienen se ta libben kaam en hienen se wjukken krigen, feegden sa'n tsien hûnen fan it boppeste rim ôf. Se skeaten omheech, as diggels fan in ûntploft prisma. Se keatsten tsjin 'e souder oan en rekken inoar mei it muzikale getinkel fan in Sineesk wynoargel.
Doe dûkten se mei fûle faasje op Mary del.