Fiksje / Fiktion
Boeken / Bücher
Klik op de printsjes of de titels foar mear ynformaasje.
Klicke auf die Abbildungen oder Titel für weitere Informationen.
Wûnderaardichheden (2006)
Youmir, soan fan in túnslang (2006)
De fizioenen fan Mary (2005)
Ferhalen / Geschichten
Yn de neikommende bondels binne ferhalen fan Henk Wolf en oare auteurs opnaam.
In den folgenden Sammelbänden sind Geschichten von Henk Wolf und anderen Autoren aufgenommen.
|
Giftige simmer. Ljouwert: Friese Pers.
|
"Se is wer better!" jûchheide Oudezoon achter him. It kaam Tarek oer it mad doe't dy him by de hân krige en dêr op om begûn te tútsjen. "Eh ja, bliid dat ik helpe koe," seid er fluch. Hy makke him los en draafde mear it kantoar út as dat er derút rûn. Doe't er yn 'e auto stapte, fernaam er noch hoe't Adam Oudezoon en it frommeske út de hal no hân yn hân foar de doar stienen en him fleurich laitsjend útswaaiden. "Bedankt, Jezus!" rôpen se. fragmint út: 'Goeie saak'. Opnaam yn Giftige simmer.
|
|
A. Hut & E. Hietkamp (2007, red.), Toe no. Ljouwert: Bornmeer.
|
"Wat kinne my dy poepende kij no skele?" frege Wout. "Ik wol nije wike op de sportdei drave! Ik moat in fjoermasine ha!" De lippe begûn him te triljen. Klik hjirre foar Hans Christian Andersen syn mearke fan it boartersguodsoldaatsje, dat Henk foar itselde boek oerset hat. |
|
|
As Anke net mear sliept, is dat omdat in finger fier genôch fan har rêchbonke har nekke beruorret. Fier genôch dat se der gjin pikefel fan krijt. Tichteby genôch dat se in bytsje rillet. Fan rjochter skouder nei rjochter ear. Stadich, lykas de weagen, sêft, fan skouder nei ear nei skouder nei ear. Anke glimket. Tinkt oan de nacht. Samar in nacht. Mei net samar in man. Hy streaket har it hier achter it ear. It hier is amper mear wiet. Fingers oer har sliep, de bûtenkant fan fingers. Foarsichtich, leavjend, koezjend. Waarme wyn. Fingers by har nekke lâns, tripkjend as rinnende fuotsjes. Fingerseinen, waarmer as har hûd. Droech en waarm. Dan binnenkanten fan fingers op har skouder. In hânpalm deromhinne. As in kessentsje. Draait. Draait. Draait. As de weagen, mar oan en oan. Bewûnderjende palmen. By bewûnderjende fingers. Dan streaket in oare hân wer hier achter ear. Twa hannen, tear, hannich, hyt. Mear ... |
|
|
Gean jûns noait allinnich nei it Fosseparkje yn Ljouwert. En as it heal kin, bliuw der dan helendal mar wei. It doocht der net. Al lange jierren net mear. Bewize kin ik net, mar neffens my is it allegear begûn op de dei dat dat jonkje yn ’e fiver foel. As it my net mist, hite er fan Joast Tichelaar. Sokssawat wie it yn alle gefal. Der hat, leau ’k, neat fan yn ’e kranten stien, alteast net yn ’e Ljouwerter, omdat elk tocht dat it allegear goed beteard wie. En wat reden hienen se ek om oars te tinken? Wêr’t ik it oer ha? Ja, dat is miskien net sa maklik nei te kommen ast net by it parkje yn ’e buert wenne hast. Fragmint út: 'De fiver yn it Fosseparkje'. Opnaam yn Farsk jierboek 2006. |
|
|
De haadredakteur waard witer en witer doe’t er it ynterview op it bantsje beharke. De man dy’t dêr oan it wurd wie, neffens Karst in âld-skjinmakker by de NASA, ferhelle yn in knauwerich mar likegoed ridlik begryplik Ingelsk hoe’t Neil Armstrong yn 1969 folslein oeral yn it haadkertier fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje weromkaam wie. Hy hie flokt en skeld en om him hinne slein, der hie gjin lân mei him te besilen west. De skjinmakkers hienen it op in soarte fan romtekolder holden. En de man op it bantsje hie wat nuvers yn Armstrong syn romteskip oantroffen: in pear stikken stof, wyld yn repen skuord. Hy hie miend dat it in flage wie. Wol in hele nuvere, mei blauwe en wite banen, en op de wite banen hienen 'strange red hearts' stien.
fragmint út: 'De loft yn'. Opnaam yn It each fan de griffioen. S. 52-64. |
|
|
Gabe hat in broer ferlern oan healbekkige frjemdpraterij. Sa seit er ek steefêst 'it âld rykrak' as er it oer syn auto hat. Dat is miskien wol de wûnderlikste automobyl dy't yn dizze provinsje omrydt. Hy hat op it ûnderstel fan in sljochtwei Golfke of in Opeltsje, dêr wol 'k ôf wêze, in iepen twasitter boud dy't oarnsje tusken in Mercedes Benz út de jierren '30 en in grutte swarte sigaar yn sit. It weintsje glimt en blinkt dat it sawat docht, en al mannich autorider hat it mei iepen mûle neistoarre, as it op 'e linkerbaan alle oare ferkear foarby wiske. Wat moter oft der ûnder it bankje sit, kin net ien fan Gabe gewaarwurde, dêr docht er altyd wakker geheimsinnich oer, mar hy hat Gabe al oan in moai protsje post fan it CJIB holpen. fragmint út: 'Kniesd aike'. Opnaam yn Doarboek. S. 96-100. |
|
|
'Jaja, mar wat moast ik oars. Al dy ingelen passe noait yn it paradys. Wy binne al twa miljard jier oan it ferbouwen en se passe der noch altyd net yn. As alle geasten ingel wurde wolle, barst it paradys út syn foegen. En ik kin se ek net nochris safolle miljard jier mar wat ûnstoflik yn de wachtkeamer sette, dat is ûnminsklik.' fragmint út: 'Yn 'e tsjustere dagen foar Pesach'. Opnaam yn Farskskrift 11. S. 6-18. |
|
Der binne minsken, dy kinne by Wytske gjin goed dwaan. Ien sa'nent wie Herre. Herre neamde himsels in dichter-performer. Wy soenen earder sizze fan gratsemakker of strjitartyst, mar it moat langer al wat klinke. Neat wêze en neat lykje is helendal neat, sil 'k mar sizze. Herre wie net ien fan 'e frijwilligers, hy wie troch in ûngelokkich tafal oanwiisd om mei Wytske in part fan it iepeningsprogram te organisearjen. Hy soe wat kluchten úthelje en in eigen gedicht opsizze. It wie Wytske al lang goed. At sa'n man dêr aardichheid oan hie, dan moast er dat doch dwaan? Hy waard der bêst foar betelle, mar dat wist se nei alle gedachten op dat stuit noch net.
fragmint út: 'Wytske'. Opnaam yn Farskskrift 13. S. 20-22.
|
Ferhalen op it net / Geschichten im Internet
De klap (Farsk)
De woeste boeven (Farsk)
De fiver yn it fosseparkje (Farsk)
De floedweach (Farsk): diel 1 en diel 2
It Húsman-geheim (Farsk): diel 1 en diel 2
It guoske Gans Anders (Hjir)
Kniesd aike (Farsk)
De rôze oaljefant (Hjir)
It boartersguodsoldaatsje (dizze site)
Sân (dizze site)